Tatoeëarder Rinto: "Tatoeaazjes by fuotballers moai fisitekaartsje foar ús wurk"

Fuotballers binne gek op tatoeaazjes. Guon spilers hawwe grutte keunstwurken op har lichem sette litten, lykas de liuw op de rêch fan Memphis Depay. De Dútser Leroy Sané hat in grut portret fan himsels op 'e rêch. Rinto Bekkema fan Rinto's Tattoo shop yn Burgum hat hielendal neat mei fuotbal. "Ik wurd der net waarm of kâld fan, mar al dy tatoeaazjes binne fansels wol in moai fisitekaartsje foar ús wurk."
© ANP
Rinto Bekkema hat der gjin ferklearring foar dat safolle fuotballers mei tatoeaazjes omrinne. "It is in trend dy't al langer geande is. Miskien is it ek wol sa dat fuotballers de earms fol hawwe moatte, oars hearre se der net by."
Tatoeaazjes binne wol folle gewoaner wurden. "Earder wie dat in oar slach minsken dat tatoeaazjes hie. Dat is no totaal oars. En blykber ha se in soad tiid om it dwaan te litten. Se begjinne faak ek fuort mei grutte dingen. Dan sit ien fan 25 jier der al fol mei. Se nimme net ien tattoo, mar fuort in sleeve, in earm fol. Miskien is it wol wat in kwestje fan tsjin elkoar opbokse. Dat spilet oeral, dus grif ek by fuotbal."
It falt him op dat de plaatsjes faak realistysk binne. "Dy liuw fan Memphis sjocht der goed út." Troch it EK is it net drokker by him yn de saak. "Mar der sille grif minsken wêze dy't it op telefyzje sjogge en tinke 'dat ik wol ik ek'."