Boer en Leenstra op poadium

20 nov 2011 - 12:16

Margot Boer en Marrit Leenstra ha op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Russyske Tsjeljabinsk sulver en brûns wûn. De Kanadeeske Christine Nesbitt wûn yn 1.15.97. Boer ried 1.16.52, Leenstra 1.16.77. Ireen Wüst waard alfde yn 1.17.55, Thijsje Oenema trettjinde yn 1.17.58.

By de manlju wie de winst foar Stefan Groothuis yn 1.08.49. foar Kjeld Nuis yn 1.08.56. Sjoerd de Vries kaam krekt net op it poadium. Hy waard fjirde yn 1.09.29. Dat wie 0.03 stadiger as de nûmer trije Denny Morrison.

Trefwurden: 
reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)