Alve Fryske gemeenten melde moandei gjin nije besmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trettjin nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat is ien mear as snein. Doe gie it om tolve besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike sechstjin besmettingen deis. Snein lei dat trochsneed noch op santjin, in wike lyn op 25.
De measte nije besmettingen binne moandei meld yn de gemeente Noardeast-Fryslân: dat wienen der fjouwer. Dêrnei folget Hearrenfean mei trije besmettingen. Alve gemeenten melde moandei gjin nije besmettingen.

Stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen opnaam yn it sikehûs.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 585 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 864.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.