Johnny Jansen krijt Tobiasen en Reekers as nije assistinten

Sportklup Hearrenfean hat twa nije trainers oanlutsen dy't haadtrainer Johnny Jansen takom seizoen assistearje moatte. It giet om âld-spiler Ole Tobiasen en Peter Reekers, dy't earder assistint wie by Heracles Almelo.
Johnny Jansen krijt Tobiasen en Reekers as nije assistinten
Se wurde de opfolgers fan Hennie Spijkerman en Jeffrey Talan. Hearrenfean ferlinge it kontrakt fan Spijkerman net en siket foar Talan in oare funksje.
De Deen Tobiasen spile tusken 1995 en 1997 foar Hearrenfean. De ôfrûne jierren wie er ûnder oare assistint-trainer by Sparta en Almere. Yn 2019 waard Tobiasen by Almere foar it earst haadtrainer yn it proffuotbal, mar begjin dit jier krige er dien nei in pear ferliespartijen op rige.
Reekers spile in grut diel fan syn karriêre by Heracles Almelo. Foar dyselde klup gong er yn 2014 ek oan de slach as trainer. Dêr is er nei foarich seizoen opholden.
"Ole Tobiasen is in jonge mei in Hearrenfeanferline", seit Hearrenfean-watcher Arjen de Boer. "Wat dat oanbelanget past er wol yn it plaatsje. Mar oan de oare kant: Tobiasen is net ien mei in hiel soad ûnderfining. Spijkerman wie dat wol. Jansen is ek noch altyd in trainer mei net in soad ûnderfining, dus ik soe der ien neist sette dy't wat mear ûnderfining hat."
De Boer hat noch in fraachteken: "Tobiasen wie haadtrainer by Almere. Skikt er him dan no yn dy rol fan assistint? Want as je ienkear haadtrainer west ha, dan nimme je de ferantwurdlikheid op je foar it hiele team. Dan steane je heger yn de hiërargy. No moat er letterlik in stap werom. Wol er dat?"
Ferry de Haan

SportCast

Yn de SportCast bepraat de sportredaksje fan Omrop Fryslân dizze wiken it EK fuotbal. It giet dizze kear ek oer de situaasje by Sportklup Hearrenfean.