Earste kursus fan 'Klasse Frysk' smyt 45 dosinten op mei foech foar Fryske les

21 jun 2021 - 13:02

De earste 45 kursisten fan Klasse Frysk ha har sertifikaat WOW Frysk behelle. De kursus is bedoeld foar learkrêften yn it basisûnderwiis en dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Dosinten kinne mei de kursus it foech helje om Fryske les te jaan. De kursus wurdt oanbean troch hegeskoalle NHL Stenden en Cedin, advysorganisaasje foar meartalich ûnderwiis.

Foto: Cedin

Aant Jelle Soepboer fan Cedin is posityf ferrast oer it sukses fan de kursus. "Oan de iene kant hawwe dizze minsken hânfetten krigen foar yn de praktyk, mar oan de oare kant sjochst ek dat der in spin-off komt. Fan de 45 dielnimmers gean 20 troch foar it basisfoech. Dat is foar it Frysk in soad en sels ien of twa minsken binne fan doel om de folsleine hbo-oplieding te dwaan."

Hy is der wiis mei dat it slagge is om de groep te motivearjen en entûsjasmearjen om fierder te gean mei it Frysk. "It ferlet is der wol. Guon minsken prate al tweintich jier Frysk, mar ha it noait leard om te skriuwen, mar der binne ek minsken dy't noch net earder mei it Frysk dwaande west ha. We besykje elkenien op syn of har eigen nivo út te daagjen en sa it fjoer te ûntstekken om mei it Frysk oan de slach te gean."

Aant Jelle Soepboer fan Cedin

Trefwurden: 
Frysk ûnderwiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)