Twa minderjierrige Drachtsters fertocht fan oerfal op pompstasjon Beetstersweach

21 jun 2021 - 12:27

De twa fertochten dy't sneintejûn oanholden binne nei in oerfal op in tankstasjon yn Beetstersweach binne twa minderjierrigen. Dat hat de plysje bekend makke. Beide fertochten komme út Drachten.

Twa minderjierrige Drachtsters fertocht fan oerfal op pompstasjon Beetstersweach

Twa fertochten rûnen sneintejûn it takstasjon oan de Haadstrjitte binnen mei bivakmûtsen op en bedrigen it personiel mei in mes. De oerfallers namen sigaretten en in ûnbekend jildbedrach mei.

Krekt nei de oerfal waarden beide fertochten troch de plysje sjoen op It Súd yn Drachten. Se wiene noch yn it besit fan de bút.

Foto: De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)