Aksje 'biezemkast' is sukses; boeren leverje 5.725 kilo oan gewaaksbeskermingsmiddels yn
Boeren koenen ôfrûne winter fergees en anonym âlde gewaaksbeskermingsmiddels ynleverje. De aksje 'Bezem door de middelenkast Friesland' smiet 5.725 kilo op. Oan de aksje dienen 144 boeren, bolletelers en leanwurkers mei.
Boeren ha faak ferâldere middels yn de kast te stean dy't se net mear brûke of brûke meie. As yndividuele ûndernimmer is it lestich en kostber om de resten korrekt ôf te fieren. De âldere middels binne ophelle troch in erkend bedriuw dat ôffal ynsammelet.
De aksje dy't ûnderdiel is fan it projekt 'Schoon erf, schoon water' is ûnder oare betelle troch de provinsje Fryslân. Belutsenen binne tefreden oer de útkomst. It ferlet ûnder de boeren wie grut mei in respons fan 35 prosint fan de oanskreaune boeren. By besite oan it bedriuw die bliken dat by 14 prosint fan de dielnimmers de 'biezemkast' op oarder wie. By de oare 130 dielnimmers is gemiddeld 44 kilo it bedriuw ôffierd.
Der is no gjin strukturele mooglikheid om gewaaksbeskermingsmiddels ôf te fieren. Dat ferlet is der wol. Belutsen partijen binne dêroer yn petear.