Sintrum net nei Boerestreek

It bûtensintrum fan Steatsboskbehear yn it Drints-Fryske Wold ferhuzet definityf net nei de Boerestreek yn Appelskea. It sintrum bliuwt op de hjoeddeistige lokaasje yn Terwisscha. Dat is de konklúzje fan in oerlis tusken de gemeente Eaststellingwerf, Steatsboskbehear, de provinsje en it nasjonaal park.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat it besikerssintrum yn Terwisscha in wichtige poarte is nei it Drints-Fryske Wold. De partijen wolle no sjen nei alternativen om de rekreative ûntwikkeling fan de Boerestreek dochs trochgean te litten.