Assistint-skiedsrjochter Zeinstra flagget EK-duel tusken Slowakije en Spanje

21 jun 2021 - 11:02

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp flagget woansdeitejûn by it EK-duel tusken Slowakije en Spanje. Dat hat de UEFA bekend makke. Zeinstra is ûnderdiel fan it arbitraazjeteam fan Björn Kuipers.

Foto: Orange Pictures

It duel is de tredde en lêste spylronde yn Groep E. De wedstriid wurdt spile yn it Spaanske Sevilla. Earder dit toernoai wie Zeinstra grinsrjochter by de wedstriid tusken Denemarken en België.

Zeinstra is ien fan de trije Fryske grinsrjochters op it EK fuotbal. De oare twa binne Hessel Steegstra en Jan de Vries. Sy binne de assistinten fan Danny Makkelie. Dat team stie oan de lieding by it iepeningsduel op it EK (Italië - Turkije) en oan de lieding fan Ruslân - Finlân.

It Europeesk kampioenskip wurdt de kommende wiken wiidweidich bepraat yn de SportCast fan Omrop Fryslân. Alle wiken is in Fryske âld-ynternasjonal te gast dy't fertelle kin oer syn ûnderfinings yn Oranje en syn fisy op it Nederlânsk alvetal fan no.

Dizze moandei is âld-ynternasjonal Jan Kromkamp fan Makkingea te gast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)