Eigener ûnderstrûpte camping op Flylân sit kommende dagen mei fingers krúst

21 jun 2021 - 08:35

De eigener fan camping Stortemelk op Flylân sit de kommende dagen mei de fingers krúst. Ofrûne wykein moast de brânwacht der oan te pas komme om wetter fan it campingterrein en út tinten te pompen. "We verwachten vanmorgen (moandeitemoarn, red.) alweer regen", seit eigener Jan van der Veen.

Foto: Eigen foto

De brânwacht waard snein om acht oere hinne oproppen om de minsken op de camping te helpen. Pas om 13.30 oere wie it measte wetter fuort.

Grûnwetterpeil

"Het grondpeil staat op dit moment nog vrij hoog, waardoor het regenwater niet weg kan. Dan krijg je ellende", seit Van der Veen. "In feite zwemmen de eenden dan om je tent heen."

By guon minsken wie in grut part fan it guod yn harren tinten wiet wurden. "Sommige mensen hebben in tenten van ons geslapen, omdat ze echt niet meer in hun tent konden liggen", seit de campingbaas.

Mar der binne ek minsken dy't noch net witte wat de skea by harren is: "Die dus niet op het eiland waren. Die gaan ook kijken hoe de boel er bij staat. En dan gaan we ze helpen met het water uit de tent te krijgen en de boel wat droog te houden, was- en droogmuntjes geven en dat soort zaken."

Sinne, wyn en waarmte

It is likernôch tsien jier lyn dat it wetter op de camping sa heech stie. Neffens Van der Veen is it net te foarkommen dat dit sa no en dan bart.

"We hopen dat de grondwaterstand wat lager gaat staan en dat de temperaturen wat hoger worden. We hebben een hele natte winter en voorjaar gehad. Afgelopen paar weken was het hier natuurlijk wel prachtig weer, maar dan zakt het grondwater niet genoeg om zulke problemen te voorkomen", seit de eigener.

De kommende dagen is it dus mei de fingers krúst. "We zitten te wachten op zon, wind en warmte", sa seit Van der Veen.

Jan van der Veen fan Camping Stortemelk

(Advertinsje)
(Advertinsje)