Nyck de Vries is poadiumplak yn Formule E-klassemint foarearst kwyt

21 jun 2021 - 07:40

Nyck de Vries is syn tredde plak yn it klassemint fan de Formule E foarearst kwyt. De koereur fan Snits foel sneintejûn yn de twadde race yn it Meksikaanske Puebla al betiid út. Dêrtroch sakket hy nei it sechde plak yn de WK-stân. Yn de earste race yn Puebla waard De Vries njoggende.

Nyck de Vries - Foto: Orange Pictures

It gat mei it poadium is lykwols net grut. De Vries hat mar trije punten efterstân op de nûmer twa, de Nederlanner Robin Frijns. De Switser Edoardo Mortara giet oan de lieding. Hy hat trettjin punten mear as De Vries.

Der steane dit seizoen noch seis races op it programma yn de Formule E. De earstfolgjende races binne op 10 en 11 july yn New York.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(Advertinsje)
(Advertinsje)