Fûken pleatst yn slinken op Skiermûntseach foar ûndersyk nei gedrach fisken

Yn en by de kwelder fan Skiermûntseach wurdt yntinsyf fiske mei fûken yn de slinken. Net foar de hannel, mar om it gedrach fan fisken te bestudearjen. It ûndersyk is ûnderdiel fan in breder programma mei de namme Waddentools Swimway Waddenzee.
Undersikers fiskje mei fûken yn slinken op Skiermûntseach
Yn it koart komt it derop del dat wittenskippers besykje út te finen hoe't ferskillende parten fan de Waadsee krekt brûkt wurde troch fisken. Op Skiermûntseach bart dat troch in jong en ynternasjonaal selskip ûnder lieding fan Hannah Charan-Dixon út Nij Seelân fan de Rijksuniversiteit Groningen.
"It idee efter dit projekt is dat wy útfine wolle hoe't fisken de kwelders brûke en hoe't je dat in set meijaan kinne, sadat je de betsjutting fan dat leefmiljeu foar fisken yn de takomst fersterkje kinne", seit Charan-Dixon. "Ik tink dat dat hiel wichtich is foar de Waadsee, dêr't de fiskstân al in skoft ûnder druk stiet. As wy dat leefmiljeu ferbetterje kinne of yn elts gefal begripe wat de fisken nedich hawwe, dan kinne je dêr ek wat oan dwaan."
In fûke wurdt leechhelle © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ferbining tusken drûch en wiet Waad

Foar behearders is dat wichtige ynformaasje, seit maritym ekolooch Anouk Goedknegt fan Rijkswaterstaat. Dy ynstânsje is de behearder fan it wiete Waad.
Goedknegt: "Ik ben heel erg nieuwsgierig naar de verbinding tussen droog en nat Wad. Hoe maken die vissen eigenlijk gebruik van die kweldergeulen? Eten ze bijvoorbeeld ook insecten die op die kwelder voorkomen en kan het dan zijn dat begrazing invloed heeft op de hoeveelheid insecten die daar voorkomt en ook weer op het voedsel van de vissen?"
De fangst wurdt registearre © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der wurdt twa kear yn 24 oeren fiske by de yngong fan slinken, mar ek fierderop yn de kwelder wannear't it leech wetter is. Dat bart mei fûken. De measte fisk wurdt yn it tsjuster fongen.
De earste fûke yn de grutste slinke troch it beweide stik kwelder foar de Kobbedunen smyt op in waarme junydei benammen in soad lytse fisken op, sa sjocht Charan-Dixon. "Myn favoryt wie de lytse platfisk. It wie allegearre wat lytser as fan 'e moarn betiid. Wy hawwe no grindelingen fongen, en garnalen en platfisk."
Mar der is earder ek hjerring fongen, sawol lyts as grut. Dit type ûndersyk wurdt ek dien yn de Grinzer kwelders en yn de Dollard.

Swiet en sâlt wetter

Der binne ek soarten fisk dy't je net of hast net yn slinken sjogge. Dêrom krije op guon oare plakken fisken in stjoerderke mei en wurde se folge troch ûntfangers op de betonning fan Rijkswaterstaat. Boppedat binne der fisken dy't ôfhinklik binne fan ferbiningen tusken swiet en sâlt wetter. Ek dêr wurdt ûndersyk nei dien.
It bliuwt net by ûndersyk allinnich, seit Goedknegt. "Rijkswaterstaat kan als beheerder van het natte Wad vooral heel veel doen aan leefgebieden voor vis. We kunnen zeegrasvelden herstellen en we kunnen onderwaterstructuren gaan maken, die een leefgebied voor de vis kunnen vormen. We zouden de vismigratievoorzieningen ook beter kunnen maken. Dat zijn een beetje onze middelen."
Der rint op it stuit in ûndersyk nei de helberens fan iepen swiet-en-sâltferbiningen.
Skoft nei it leegjen fan de earste fûke © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It ferskil yn kennis tusken boppe wetter en ûnder wetter is best grut, sa fynt Goedknegt. "Vergeleken met het droge Wad weten we eigenlijk heel erg weinig van de onderwaternatuur. Maar dat is niet zo gek want als je naar het droge Wad kijkt, dan zie je ook alle vogels in bepaalde leefgebieden. Je ziet waar de kwelder ophoudt en het Wad begint. Voor de onderwaternatuur hebben we dat beeld eigenlijk helemaal niet. En we weten vrij weinig waar alle diersoorten zich ophouden. Daarom doen we graag mee in kennisprojecten zoals Waddentools Swimway."

Trije jier

Hannah Charan-Dixon hat wat dat oanbelanget ek noch wol efkes wurk. Har ûndersyk duorret noch trije jier. Twa jier dêrfan wurde brûkt om yn it fjild ûndersyk te dwaan. It lêste jier moatte al dy fiskaventoeren ferwurke wurde fan data nei ynsjoch yn de wrâld ûnder wetter foar en yn de kwelders.