Wêrom stean de SVPO en de ûnderwiisynspeksje foar de rjochter?

21 jun 2021 - 06:10

Foar de rjochtbank yn Amsterdam tsjinnet moandei in koart pleit fan de direksje fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp tsjin de ûnderwiisynspeksje. It giet dan om it frijjaan fan rapporten fan de ynspeksje oer de kwaliteit fan it ûnderwiis en de finânsjes fan De School voor Persoonlijk Onderwijs (SVPO) dêr't it Tjalling Koopmans as iennige Fryske skoalle ûnder falt.

It Tjaling Koopmans College yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Theo Ligthart

Ferslachjouwer Hayo Bootsma folget de rjochtsaak moandeitemiddei, en sjocht foarút op de saak.

Wat stiet der krekt yn dy rapporten dy't de ynspeksje frijjaan wol?

It giet om sechstjin rapporten, twa fan elke lokaasje. De ûnderwiisynspeksje docht elke fjouwer jier ûndersyk nei de kwaliteit fan it ûnderwiis op in skoalle. Of faker as dêr oanlieding ta is. It lêste rapport is fan 2019, dat is noch gjin fjouwer jier lyn en dus hat de ynspeksje dêr in oanlieding foar hân.

Yn 2019 wiene de finânsjes by de lokaasje yn Hurdegaryp yn oarder, mar der koe neffens de ynspeksje gjin oardiel jûn wurde oer de kwaliteit fan it ûnderwiis.

Wêrom wol it bestjoer fan it Tjalling Koopmans College de publikaasje fan dit rapport tsjinhâlde?

Dit soarte fan rapporten, fan de ûnderwiisynspeksje, is eins altyd iepenbier. Elkenien moat dat sjen kinne, sawol âlders, dosinten as bern. Je moatte sjen kinne wêr't je je bern hinne stjoere.

Dit rapport is tige kritysk. Want oars wolst de publikaasje derfan ek net tsjinhâlde. We ha frege oan de bestjoerder, Suzan Polet, wêrom se dat dwaan wol, mar op dy fraach wol se absolút gjin antwurd jaan. Ek de ynspeksje wol gjin kommentaar jaan, mar seit wol dat sa'n koart pleit echt in útsûndering is.

Der is wol earder in rapport makke oer in fêstiging yn Utrecht, wat stie dêryn?

Dat giet om in fêstiging dy't earder al de melding 'Zeer Zwak' krige. Der soe in ûnfeilich wurkklimaat wêze, en de kwaliteit fan it ûnderwiis liet ek te winskjen oer. Dan wiene der ek noch klachten oer in fêstiging yn Amsterdam.

Nei oanlieding dêrfan makke de ynspeksje bekend dat se alle fêstigingen ûnder de loep nimme soene. By fiif skoallen waard doe dúdlik dat de kwaliteit te winskjen oer lit.

Dit moat wol ympakt ha op de learlingen?

De ympakt is hiel grut. Dat ha we sjoen mei de stipe-aksje foar dosint Bert Mul, dy't skorst waard nei't hy syn ferhaal dien hie by Omrop Fryslân. It mei dúdlik wêze, der is in soad ûnrêst by bern, âlders en dosinten op dizze skoalle.

No is dizze rjochtsaak net de iennichste, hoe sit dat krekt?

Dan giet it op non-aktyf setten fan dosint Bert Mul. It ûnderwiisbûn Aob wol dat de skoalle dy skorsing weromdraait. Neffens it bûn soene him wurden yn de mûle lein wurde troch de skoallieding.

Dy saak tsjinnet kommende woansdei foar de rjochtbank yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)