Plysje pakt twa oerfallers fan pompstasjon yn Beetstersweach

20 jun 2021 - 21:34

In pompstasjon fan Shell yn Beetstersweach is sneintejûn oerfallen. Dat barde troch twa oerfallers, dy't in bivakmûtse op hiene en in mes by harren hiene. De plysje hat yntusken twa fertochten oanholden.

Foto: De Vries Media

Nei de oerfal binne de twa dieders op 'e flecht slein. It is net dúdlik wat se krekt stellen ha.

De plysje gie nei de oerfal manmachtich op syk nei de dieders. Tweintich minuten letter binne yn Drachten twa fertochten op 'e fyts oanholden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)