Sander Arends foar fjirde kear nei haadtoernoai Wimbledon

20 jun 2021 - 20:40

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat sneintejûn goed nijs krigen. De dûbeldspesjalist mei him foar de fjirde kear yn syn karriêre opmeitsje foar it wrâldferneamde gerstoernoai fan Wimbledon.

Matwé Middelkoop (links) en Sander Arends (rjochts) - Foto: ANP

Eins stiet Arends krekt te leech op de wrâldranglist (93e) om streekrjocht yn it haadtoernoai te kommen. Mar om't hy yn Londen spylje sil mei lânsman Matwé Middelkoop, de nûmer 34 fan de wrâld, kin hy dochs meidwaan.

Wimbledon begjint op moandei 28 juny. It dûbeldtoernoai set twa dagen letter útein.

Arends en Middelkoop diene tegearre twa kear earder mei oan Wimbledon. Se kamen ien kear troch de earste ronde, doe't yn 2018 de twadde ronde it einstasjon wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)