Grutste reuzerêd fan Nederlân komt nei Drachten

20 jun 2021 - 20:06

It grutste reuzerêd fan Nederlân stiet dizze simmer in wike lang yn Drachten.

Foto: -

Fan freed 23 july oant snein 1 augustus stiet it rêd fan fyftich meter heech op de Markt yn Drachten. Besikers kinne der tusken 12 oere moarns en 22 oere jûns yn.

Boargemaster Jan Rijpstra sil it reuzerêd, tegearre mei fuotbaltrainer Henk de Jong, iepenje.

It rêd stie earder al ûnder oare yn Egmond aan Zee en Zandvoort.

Trefwurden: 
Drachten reuzerêd
(Advertinsje)
(Advertinsje)