Kampanje mei fotoshoots om kuierjen by hillige plakken del populêr te krijen

20 jun 2021 - 18:00

Mei kamera's en modellen is in lytse groepke minsken de sneins ûnderweis troch de provinsje wêrby't saneamde hillige plakken de haadrol spylje. Dizze 'fotoshoot' is it begjin fan in langjierrige kampanje om ek jongere kuierders entûsjast te meitsjen foar kuierjen oer pilgrimspaden yn Fryslân.

De fotoshoot by de tsjerke fan Jannum - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Wy wurkje oan it projekt 'dagrecreatieve netwerken'. Dat is yn it ramt fan it stimulearjen fan it toerisme de kommende jierren. Ien fan de doelstellingen is om de rûten yn Fryslân better yn kaart te bringen en de ferhalen dêr omhinne goed te fertellen. Sa wolle wy derfoar soargje dat der mear minsken nei de provinsje Fryslân takomme", seit Wiepkje Hoekstra, dy't har mei de marketing fan it projekt dwaande hâldt.

Underwylst wurde de modellen te plak set by it tsjerkje fan Jannum en klikt de kamera op de eftergrûn. Ien fan dy modellen is ek de projektlieder; Hendrina Zijlstra. Sy hat ferline jier de pilgrimsrûte rûn nei Santiago de Compostella.

"Grutte tastream"

Zijlstra sjocht dat hieltiten mear minsken kuierje sûnt corona:"Wy hawwe in hiele grutte tastream sjoen nei ús moaie kuierpaden en fytspaden. Dêr is echt gebrûk fan makke de ôfrûne tiid en wy hope no dat wy minsken entûsjast krije foar tochten oer meardere dagen."

De fotoshoot is al wer dien en de modellen mei fotograaf lûke fierder nei ûnder oaren Boalsert, Haskerdiken en Hoarnstersweach.

De kampanje wurdt dien yn opdracht fan de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)