Romke de Jong (D66): "De F-35 is der, dan moatte der ek meters makke wurde"

20 jun 2021 - 16:53

"No't we de F-35 hjir ien kear ha, moatte der ek meters mei makke wurde." Dat seit Twadde Keamerlid Romke de Jong (D66) fan De Gordyk. Hy wie ien fan de opinymakkers yn it Nijsfoarum fan it programma Buro de Vries.

Romke de Jong, Aukje de Vries en Hayo Bootsma - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It liket my slim as jo yn it gebiet wenje dêr't je der in soad lêst fan ha. En yn de dokumintêre fan de Omrop komt goed nei foaren dat it net allinnich om desibellen giet, mar ek om lûdsynterpretaasje", seit De Jong.

Hy fynt it ek in goede saak dat der, op 'e nij, omtinken foar frege wurdt yn de Twadde Keamer. "Mar feiligens giet foar alles. As it brûken fan de automaat om mei sa'n ding te lânjen mear lûd makket as dat jo soks mei de hân dogge, dan is dat spitich, mar komme jo dêr yn dizze faze net ûnderút. It probleem is op himsels lykwols goed adressearre en op kabinetsnivo bekend."

Hûzen better isolearje

Neffens Omrop Fryslân-sjoernalist Hayo Bootsma duorret it noch wol in jier foardat der echt sein wurde kin wêr't de problemen krekt lizze. Op it stuit wurde alderhande saken noch ynregele en fleane der boppedat ek noch F-16's. Oft der ekstra maatregels tsjin de oerlêst nedich binne en hokker dan, dat kinne je dan pas goed besjen. Dúdlik is no al wol dat in soad hûzen better isolearre wurde moatte.

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) hat jierren flakby de basis wenne en fynt dat de polityk de klachten serieus nimme moat en yndied goed sjen moat nei wat je krekt mjitte, mar ek hoe't it ûnderfûn wurdt. "Fansels moat it sawiesa binnen de stelde lûdskontoeren bliuwe, mar jo kinne ek sjen nei de wize fan lânjen en hokker rûten oft brûkt wurde."

It Nijsfoarum oer de F-35

(Advertinsje)
(Advertinsje)