Tal nije besmettingen yn Fryslân sakket in lyts bytsje

20 jun 2021 - 15:59

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 12 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 2 minder as sneon. Doe gie it om 14 besmettingen.

De coronatestlokaasje yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De measte nije besmettingen binne snein meld yn de gemeenten Noardeast-Fryslân mei trije besmettingen.

Gjin opnamen en stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

Lanlike sifers

Lanlik binne 735 nije coronagefallen registrearre. Dat wiene der sneon 702.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)