UPDATE: Motorrider meldt him by plysje nei botsing mei fytser

De motorrider, dy't sneintemiddei nei in botsing mei in fytser net op de lokaasje fan it ûngelok bleau, hat him meld by de plysje. Neffens in wurdfierder fan de plysje sit de motorrider no fêst en sil hy ferheard wurde. It giet om in 36-jierrige man út Noardeast-Fryslân. De fytser, in 55-jierrige man út Burgum, rekke by it ûngelok swierferwûne.
© Noordernieuws/De Vries Media
It ûngelok barde op de Grinzerstrjitwei, ta hichte fan Ryptsjerk. Hoewol't de fytser dêrby swierferwûne rekke, gie de motorrider der nei de botsing fantusken.
It slachtoffer moast troch it personiel fan in ambulânse stabilisearre wurde. Dêrnei is de persoan, mei de help fan in dokter út in traumahelikopter, mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht.
De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok en ropt minsken dy't wat sjoen ha op om har te melden.