Risikonivo kin omleech yn Nederlân: Fryslân en Grinslân stean der it bêste foar

20 jun 2021 - 14:07

No't it tal coronagefallen sakjen bliuwt en it kabinet it lân fan it slot hellet, kin ek it saneamde risikonivo omleech. Yn elke regio fan Nederlân wurdt it gefaar lytser. Fryslân en Grinslân stean der it bêste foar op basis fan it tal positive tests.

De yngong fan de coronafirus-testlokaasje yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De twa noardlike provinsjes telden ôfrûne wike 18,5 positive tests de 100.000 ynwenners. Noch mar in pear wiken lyn wie dat it oantal gefallen de dei.

Nederlân telt fjouwer risikonivo's. Fan leech nei heech binne dat: 'waakzaam', 'zorgelijk', 'ernstig' en 'zeer ernstig'. Oant ein maaie stiene alle 25 feilichheidsregio's op 'zeer ernstig'.

Twa sifers bepale it risikonivo: it tal positive tests en it tal sikehûsopnamen. Dêrby wurdt rekken hâlden mei it tal ynwenners. Op basis fan it tal positive tests soe Fryslân no ûnder 'waakzaam' falle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)