Brânwacht ynskeakele om ûnderstrûpte tinten op Flylân leech te pompen

Op Flylân hat it yn de nacht fan sneon op snein sa bot reind dat tsientallen tinten op camping Stortemelk ûnderstrûpten. De brânwacht moast der oan te pas komme om de tinten leech te pompen.
De brânwacht pompt it wetter fuort
Ek op it campingfjild leinen grutte reinpuozzen. De troffen campinggasten binne holpen troch meiwurkers fan Stortemelk om harren tinten wer leech en skjin te krijen.
It is net bekend om hoefolle campinggasten it krekt giet.
© SRFotografie