Teun de Jong út Sint-Anne komt foar VVD yn gemeenteried Waadhoeke

De 60-jierrige Teun de Jong fan Sint-Anne komt foar de de VVD yn de gemeenteried fan de gemeente Waadhoeke. De Jong folget Emile Vogels op, dy't earder dizze moanne op 69-jierrige leeftiid ferstoar.
Teun de Jong © Omrop Fryslân, René Koster
Vogels kaam by in ferkearsûngelok om it libben. Hy waard op 4 juny by Tsjummearum op syn sitmeaner oanriden troch in automobilist.
Teun de Jong is bouboer yn Sint-Anne. Hy is ek foarsitter fan it bestjoer fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond. Yn maaie hold er nei 18 jier op as foarsitter fan keatsferiening Drie Spul is Ut fan Sint-Anne.
De Jong wurdt op 8 july offisjeel ynstallearre yn in riedsgearkomste fan de gemeente Waadhoeke.