FIDEO: Tsjerketsjinst út de Grutte of Martinitsjerke yn Snits wei

20 jun 2021 - 09:59

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst út de Grutte of Martinitsjerke yn Snits wei.

De tsjinst wurdt fersoarge troch de Baptistegemeente Snits. De foargonger is Wouter Bandstra en de ynlieding wurdt dien troch Marleen van der Zee. De muzyk komt fan it Muzykteam BGS.

De liturgy foar de tsjinst fan 20 juny is hjir te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)