Nyck de Vries einiget nei botsing as njoggende by Formule E yn Meksiko
Autokoereur Nyck de Vries hat sneon net syn bêste dei hân by de Formule E-races yn de Meksikaanske stêd Puebla. Syn race-auto waard krekt foar in bocht fan efteren oanriden troch Robin Frijns, wêrtroch't De Vries om syn as draaide en út de baan rekke.
Sjoch hjirûnder nei de botsing tusken de twa Nederlanners:
De Vries koe dêrnei wol wer fierder, mar ferlear kostbere tiid op de rest fan de dielnimmers. Frijns krige 10 sekonden straftiid foar syn aksje.
Uteinlik kaam De Vries as njoggende oer de finish. Hy stiet no tredde yn it klassemint, efter Frijns en de Portugees António Félix da Costa. It ferskil mei koprinner Frijns is trije punten.
Sneintejûn (Nederlânske tiid) komt De Vries wer yn aksje yn Puebla. Dan stiet de njoggende race fan de fyftjin fan dit seizoen op it programma.