Wat kinst dwaan oan finansjeel misbrûk fan âlderein?

19 jun 2021 - 20:59

Op de dei tsjin de âldereinmishanneling, elk jier op 14 juny, waard omtinken frege foar ferskate foarmen fan âldereinmishanneling. Ien fan de foarmen is finansjeel misbrûk. It is in foarm dy't dreech oan te toanen is, somtiden in skimergebiet, en komt yn alle foarmen foar.

Foto: ANP

Finansjeel misbrûk fan âlderein kin barre troch famylje fan it slachtoffer, mar ek troch in kunde of sels troch professionals, lykas soarchmeiwurkers. It radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân besiket in byld te krijen fan de oanpak fan finansjeel misbrûk en de tûkelteammen by de oanpak dêrfan.

Harkje nei de dokumintêre oer finansjeel misbrûk fan âlderein

Nei oanlieding fan in (anonym) gefal stelt it programma de fraach, wat is finansjeel misbrûk eins? Wa dogge it, en hoe kin dit yn de takomst better foarkaam wurde?

Famylje fertinkt soarchmeiwurker

De oanlieding foar de syktocht is it ferhaal fan in famylje dy't in soarchmeiwurker fertinke fan finansjeel misbrûk. Se nimme op 14 juny 2020 (de dei tsjin de âldereinmishanneling) kontakt mei Omrop Fryslân op.

We hearre it ferhaal oan, mar kinne der fierder net safolle mei omdat der neat bewiisd is. De famylje is der bot mei oan en fan doel de saak troch te setten.

In jier letter is de saak net oplost mar is de heit yntusken stoarn. In famyljedrama soene je sizze kinne. De famylje bliuwt lykwols fjochtsjen.

Ferslachjouwer Simone Scheffer hâldt kontakt, mar kin mei de saak noch hieltyd neat. It jout oan hoe lestich it ûnderwerp finansjeel misbrûk leit, en hoe dreech it is om de wierheid te finen.

Foto: Pixabay

Veilig Thuis is de organisaasje dy't al gau yn byld komt as it om dizze foarm fan âldereinmishanneling giet. Dêr kinne minsken in melding dwaan fan in fermoeden fan finansjeel misbrûk. Dat jildt foar professionals mar ek boargers. Dat kin ek anonym.

Dan begjint foar harren it ûndersyk. Dat is net altyd like maklik omdat der sprake wêze kin fan skamte mar ek famyljerûzjes kinne der ûnder lizze. Finansjeel misbrûk kin faak lyts begjinne. In lyts bedrachje pinne as der boadskippen helle wurde moatte en de pinpas meijûn wurdt.

De glidende skaal is in gefaar. As it net bewiisd wurde kin, besiket de organisaasje somtiden ek te bemiddeljen.

Fingerspitzengefühl fan de notaris

Notarissen kinne it ek tsjinkomme yn harren wurk. By it opstellen fan testaminten bygelyks. Kees Krijger is notaris yn Ljouwert. Hy stelt dat alle notarissen wolris mei sa'n saak te krijen hawwe. It giet neffens him ek om in fingerspitzengefühl fan de notaris. As je it gefoel hawwe dat it miskien net hielendal doocht dan folget der by syn kantoar altyd in twadde petear.

Wilsbekwaamheid is dêrby in ûnderwerp mar dat is net altyd goed te sjen. It kin ek wêze dat der sprake is fan in ôfhinklikheidsrelaasje. Dat is noch dreger yn te skatten. It feit dat minsken tsjintwurdich folle langer selsstannich wenjen bliuwe spilet ek mei. Alderein wurdt mear ôfhinklik fan de soarch út de omjouwing en libje mear isolearre.

Notaris Kees Krijger - Foto: Hoekstra en partners

Notaris Krijger pleitet foar mear gearwurking tusken de ferskate ynstânsjes. Ek by Veilig Thuis soene se graach sjen dat bygelyks banken earder oan de belle lûke as der ynienen grutte sommen jild by minsken fan de rekken helle wurde, of der in folslein oar patroan fan pinnen ûntstiet.

Der binne yn Nederlân en ek yn Ljouwert spesjale alliânsjes, mar it is dreech om ynformaasje út te wikseljen fanwegen de wet op privacy. Neffens de notaris soe dêr nei sjoen wurde moatte.

Dúdlik belied by Kwadrant

Soarchorganisaasje Kwadrant hat in dúdlik belied op it mêd fan finansjeel misbrûk. Der binne meldkoades dêr't meiwurkers fan op 'e hichte binne en der is sels in meiwurker dy't 'm mei dizze saken dwaande hâldt.

Dennis Oppenhuizen is it oansprekpunt foar thússoarchmeiwurkers as se tinke dat der wat oan de hân is. Dan wurdt de saak oppakt en as it net troch de organisaasje sels oplost wurde kin wurdt der melding dien by Veilig Thuis.

Dennis Oppenhuizen fan Kwadrant - Foto: Simone Scheffer

Meiwurkers fan Kwadrant sels meie yn gjin gefal jild of spul oannimme fan kliïnten, Dat is somtiden bêst wol dreech seit Oppenhuizen. Minsken biede it faak út tankberens oan mar soarchmeiwurkers fan de organisaasje moatte dat wegerje.

Probleem bliuwt dreech

De konklúzje is dat finansjeel misbrûk in yngewikkeld probleem is dat dreech oan te pakken is. It sinjalearre is en bliuwt fan grut belang. Dat begjint mei je bewust wêzen fan it feit dat it tichter om 'e hoeke leit as je tinke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)