Aafke Soet fielt har wer hurdfytster nei rentree op NK

19 jun 2021 - 20:04

Op it NK hurdfytsen op de Drintske VAM-berch wie sneontemiddei by de froulju gjin Frysk sukses. Wat it earemetaal oanbelanget dan, want Aafke Soet fan It Hearrenfean hie nei ôfrin in grutte glim op har gesicht. Nettsjinsteande dat se as ien fan de lêsten oer de streek kaam.

Aafke Soet is der wer 'gewoan' by, by Team Jumbo-Visma

De 23-jierrige hurdfytster hat, mei troch priveesaken, in sportyf drege perioade efter de rêch. Har lichem rekke 'overreached'. "Dus doe hie ik der net safolle nocht yn en hie ik net it gefoel dat ik klear wie foar koersen", seit Soet foarôfgeand oan it nasjonale kampioenskip.

Team is wer kompleet

Dit jier is dat lykwols oars. De Friezinne fan Team Jumbo-Visma fûn har foarm werom en ried dit seizoen ek alwer in pear wedstriden. It NK is lykwols de earste grutte test. "Ik ha it earst efkes rêstich oan dien, goede trainingen draaid en no bin ik klear om de wedstriidfokus oan te setten", seit Soet.

Har ploechgenoat Anouska Koster fan De Westereen is bliid dat Soet der wer 'gewoan' by is. "Hiel fijn. Moai dat it team wer kompleet is. Dat is altyd goed foar ús allen", seit de nûmer trije op it NK fan it ôfrûne seizoen.

Achteryn oer de finish

As grutste team yn it frouljuspeloton hie Team Jumbo-Visma sneontemiddei de sinnen set op it earste plak. De ploech hie mei Karlijn Swinkels en Nancy van der Burg ek twa froulju mei yn de kopgroep fan fiif. Se koene de oertalsituaasje lykwols net útspylje en Amy Pieters gie der mei de titel fantroch. Jumbo-Visma bleau efter mei it sulver en brûns.

Op dat stuit ried Soet in hiel stik efter it peloton, nei't se ploechwurk dien hie yn de earste rondes. Dêrnei koe se it tempo fan it peloton net mear byhâlde. De Friezinne kaam úteinlik as ien fan de lêsten oer de streek. Mar om no te sizzen dat se dêr teloarsteld oer wie.

Aafke Soet wurdt hast lêste, mar is dochs bliid

"Nee, seker net. Ik ha moai mei it team foaryn koerst. It wie gewoan in hiele swiere koers. Ik bin eins gewoan hiel bliid mei myn foarm no en dat ik sa lang by bliuwe koe", seit Soet.

De grutste blydskip sit him yn it feit dat se der wer by is. "Dat foaral ja. Ik bin gewoan wer bliid dat ik meidwaan kin en dat ik wat foar it team betsjutte kin. Dat ik gewoan fiel dat de foarm der wer oan komt", laket Soet.

Koster tefreden

Ek Koster koe sneon net meidwaan om de prizen. As âld Nederlânsk kampioene en nûmer trije fan it ôfrûne jier soene je tinke dat se minder tefreden de parse te wurd stiet. Neat is minder wier.

"Natuerlik giest foar de winst, seker mei sa'n grut team. Mar oan de oare kant, Karlijn (Swinkels) en Nancy (Van der Burg) wiene yn goede dwaan. Dy ha de kâns no ek krigen en ik ha earder ek de kâns krigen. Dat se no twadde en tredde wurde is ek hiel moai", seit Koster. "Skande fan de winst, mar ik tink dat dit ek in hiele moaie prestaasje is."

Anouska Koster: "Skande fan de winst, mar in hiele moaie prestaasje"

(Advertinsje)
(Advertinsje)