Fiskersboat bringt seemyn nei haven fan Harns
In fiskersboat hat sneontemiddei in seemyn nei de haven fan Harns brocht. Dêrop hat de plysje in grut part fan it gebiet ôfset.
It gie om in grut part fan de Nieuwe Vissershaven. De Explosieven Opruimingsdienst wie te plak kaam om te sjen oft de seemyn op skerp stie en gefaarlik wie, mar dat wie net it gefal.