Nations League hast dien foar follybalfroulju: "Verlies tegen Turkije zonde"

19 jun 2021 - 17:14

Hoewol't de Nederlânske follybalfroulju noch in lytse kâns ha op in plakje by de bêste fjouwer lannen dy't om einwinst yn de Nations League stride sille, hat Nederlân gjin goeie saak dien earder dizze wike. Oranje, mei Hester en Marrit Jasper fan Snits, ferlear yn it Italiaanske Rimini mei 0-3 fan Turkije en moat no op sneontejûn noch tsjin Brazilië en snein tsjin Súd-Koreä.

Foto: ANP

"De bubbel valt me tot nu toe niet erg tegen, maar de laatste vrije dagen had ik wel een momentje van, wat moet ik nou doen?" De ferfeling begjint dus ta te slaan foar Marrit Jasper. Yn de Nations League wurde dagen mei wedstriden ôfwiksele mei frije dagen foar de follybalsters.

"We trainen tussendoor wel, zo'n twee uurtjes op een dag", fertelt Jasper "en verder probeer je je te vermaken. Dan zit je op je kamer, rust je uit, kijkt een serie, beetje zwemmen op het strand. Zo probeer je je te vermaken."

Nederlaach tsjin Turkije

De froulju ha noch in lytse kâns op it berikken fan de heale finale nei in 0-3 nederlaach tsjin Turkije. Oranje stiet no sânde yn de pûl. "We zijn ons volle bak aan het voorbereiden voor de laatste wedstrijden tegen Brazilië en Korea. Van die wedstrijd tegen de Turken moeten we veel leren. Zoals onze coach altijd zegt, je moet winnen of leren."

"We leven hier van wedstrijd tot wedstrijd in een bubbel"

Jasper giet der fanút dat it nei de duels tsjin Brazilië en Súd-Koreä klear is foar Nederlân. "Het is niet uitgesloten dat we nog bij de laatste vier komen, maar dan hadden we eigenlijk van de Turken moeten winnen. Dan hadden we het onszelf makkelijker gemaakt."

'Zin in paar dagen vrij'

Wannear't Jasper werom sjocht op de ôfrûne moanne, komt se ta de konklúzje dat it net altyd even leuk wie. "Het leven in de bubbel was niet zoals ik had verwacht. Minder erg, maar je mist wel veel dingen. Dat je niet even naar een barretje kan, of naar een wedstrijd van de mannen kan gaan kijken. Dus straks thuis weer een paar dagen vrij zijn, daar kijk ik wel naar uit."

Letter dizze simmer sil Jasper mei it Nederlânsk team noch it EK spylje. Dat wurdt fan 18 augustus oant 4 septimber holden yn Servië, Bulgarije, Kroäsië en Roemenië.

Manlju dogge net mei foar de titel

De Nederlânske manlju spylje ek yn Rimini. Nei tolve fan de fyftjin wedstriden stiet Oranje, mei Snitsers Steven Ottevanger, Bennie Tuinstra en Gijs van Solkema, op it fjirtjinde plak. Allinnich de earste fjouwer pleatse harren foar de heale finales om út te meitsjen wa't de winner wurdt fan de Nations League.

(Advertinsje)
(Advertinsje)