Delgong tal deistige besmettingen yn Fryslan set troch

19 jun 2021 - 15:24

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 14 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 7 minder as freed. Doe gie it om 21 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne freed meld yn de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert mei fjouwer besmettingen.

Gjin opnamen en stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 713 nije coronagefallen registrearre. Dat wiene der freed 918.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)