Klacht BetterAs behannele

Tiisdeitemiddei hat de beswierskriftekommisje fan de provinsje in klacht behannele fan de aksjegroep BetterAs om de Sintrale As dochs nochris op de aginda fan provinsjale steaten te krijen. De aksjegroep fynt de de Sintrale As, de nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei, yn de fariant sa't er oanlein wurde sil, te djoer en in te grutte oantaasting fan de natoer.
Earder tsjinne de groep in boargerinysjatyf yn, mar dat waard troch provinsjale steaten net yn behanneling nommen.
Foarôfgeand oan de kommisjegearkomste sammelen de aksjegroep en sympatisanten har yn Ljouwert. De beswierskiftekommisje docht oer fjouwer wiken útspraak.