Briedseizoen greidefûgels liket dit jier folle better út te pakken

19 jun 2021 - 14:31

In soad wiist derop dat dit briedseizoen foar ûnder oare de greidefûgels in stik better útpakke kin as ferline jier. En dat mei tank oan de wiete maitiid. Offisjele sifers binne der noch net, mar it tal meldingen fan gebieten dêr't it goed giet, is grut.

Kâns op in better briedseizoen foar greidefûgels

Natuurmonumenten hat sels in hoants mei piken yn ien fan syn gebieten en dat is bysûnder, want de hoants (kemphaan) is sa goed as ferdwûn as briedfûgel út Nederlân.

Ut Súdwest-Fryslân komme ek goede berjochten, mar fertrouwe op wiet waar allinnich is net genôch. Om dêr optimaal fan te profitearjen, moat der mear barre. Sa binne der op de eastkant fan it Noarderleech oan de Waadkust yngrepen dien om it gebiet wieter te hâlden en dat docht fertuten.

Distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea: "Wy hawwe in hiel skala oan maatregels dy't hjir tapast binne. Dêrnjonken ek noch in stikje predaasjebehear dat goed op oarder is by de lokale Wildbeheerseenheid. Al mei al hawwe wy alle omstannichheden dêr't wy op stjoere kinne, optimalisearre de ôfrûne jierren. Dêr plôkje wy no de fruchten fan, hoop ik."

Klút

It gebiet kin no mear wetter langer fêsthâlde en de fûgels kinne ek better by dat wetter komme. In lytse rûnrit troch it gebiet lit in soad piken sjen, wêrûnder ek in soad fan de klút. Dêr binne der folle mear fan, wêrûnder in 50 span grutte koloanje. Fierder leit der, mei troch de gearwurking mei de pachters, genôch krûderyk lân dêr't piken harren ferskûlje kinne.

Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

By Rotsterhaule hat de fûgelwacht Sint-Jânsgea-Rotsterhaule en omkriten in soad wetter en briedeilannen foar koloanjebrieders as de wytstirns, dy't in goede beskerming jouwe tsjin rôffûgels.

André de Jager fan de fûgelwacht is tefreden oer wat dat no opsmyt: "Wy hawwe der hast tweintich spantsjes wytstirns sitten. Fiif spantsjes kluten hawwe der op bret en dy rinne hjir no achter mei de piken om. En der sitte ek al gau in fyftjin spantsjes kobben. It is gewoan in aardichheid. De tsjirken en de ljippen hawwe de piken hast grut en it giet eins hartstikke bêst."

Loftmacht

It wetter hâldt grûnpredatoaren tsjin en de koloanjebrieders wurkje as in soarte fan loftmacht. "Wat wy hjir no sjogge, is dat in keppel fan in goede tweintich krieën dat hjir altiten omhong, al skoften net sjoen is", seit De Jager. "Dêr binne dy kobben wol ferantwurdlik foar. Dy sitte der boppe op! En as der hjir in mûzebiter of in hoanskrobber oerfljocht, dan moatst ris sjen hoe gau't dy kobben derop sitte. De ljippen hoege der eins net iens hinne te fleanen."

It hiele wetterplan dat hjirfoar ferantwurdlik is, kostet mei 400 euro net in soad. En de Agraryske Natuerferiening It Lege Midden hat in plas-draspomp skonken.

Ien fan de briedeilannen by Rotsterhaule - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)