Nije appartemintekompleksen Lichtpunt Kollumersweach hast klear foar bewenners

Hast fjouwer jier nei de grutte brân yn it Lichtpunt yn Kollumersweach steane der no twa gloednije appartemintekompleksen. Yn de opfang binne op it stuit tolve plakken beskikber, mar dat wurde der hieltyd mear.
"Yn totaal wurde dat 34 plakken: 20 yn it nije appartemintekompleks en 14 al besteande wenromten", seit ynterim-bestjoerder Machiel Talsma oer de útwreiding.
De nije appartemintekompleksen binne enerzjysunich en gasleas boud. Der kin itensean wurde op ynduksje en mei help fan waarmtepompen wurdt de wenning ferwaarme. Ek lizze der sinnepanielen op de dakken.
Yn it Lichtpunt wurde minsken opfongen dy't bygelyks mei harsels yn 'e knoop sitte. Op termyn is it de bedoeling om de bewenners fan it Lichtpunt de maatskippij wer yn te helpen. Oant bewenners klear binne foar reyntegraasje, kinne se in appartemint hiere fan it Lichtpunt.
Foar útnûge minsken wurdt sawol freed 25 juny as sneon 26 juny in 'iepen hûs' organisearre.