Skriuwersboun oan P.C. Hooft-priis: "Wêrom nea in Frysktalige winner?"

19 jun 2021 - 12:49

Fryske skriuwers moatte ek yn de beneaming komme foar de lanlike P.C. Hooft-priis. Dat fynt it Frysk Skriuwersboun. De oeuvrepriis dy't alle jierren útrikt wurdt, wurdt sjoen as de wichtichste literêre priis foar Nederlânske skriuwers.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Yn it reglemint fan de priis stiet dat it om wurk gean moat dat benammen skreaun is yn de "Nederlandse of Friese taal". Yn de 74 jier dat de priis útrikt is, hat lykwols noch nea in Frysktalige auteur wûn. It Frysk Skriuwersboun fynt dat dit oars moat. Dêrom hat foarsitter Willem Verf in brief oan it bestjoer fan de P.C. Hooft-priis stjoerd.

"Us skriuwerij docht yn prinsipe net ûnder foar hokker skriuwerij dan ek. En wy hearre gewoan by Nederlân, de Fryske taal is de twadde rykstaal", seit Verf. "En it stiet yn dat reglemint, dat wurdt ek gewoan erkend. Dan moatte je ek de betingsten sa meitsje dat in Fryske auteur dy priis in kear winne kin."

Hokker Fryske skriuwer?

Fryslân hat genôch skriuwers dy't foar de priis yn oanmerking komme kinne, fynt Verf. Nammen fan libjende skriuwers wol er net neame. "Wy fertsjintwurdigje as Skriuwersboun alle skriuwers, dus wy begjinne dêr gjin ferskil tusken te meitsjen."

Verf: "Mar as sjochst nei it ferline en ek nei it tiidrek wêryn't dit idee ûntstien is, dat ek Frysktalige auteurs derfoar yn oanmerking komme kinne, dat wie it tiidrek fan Anne Wadman en krekt dêrfoar al Douwe Tamminga. Yn in wat oar sjenre, mar dochs ek mei in grut oeuvre Rink van der Velde en wat dichtwurk oanbelanget Tiny Mulder."

Nederlânsktalige sjuery

In reden dat de priis noch nea nei in Frysktalige skriuwer gien is, is neffens Verf de gearstalling fan de sjuery. "Dêr sitte dan minsken yn út it Nederlânsktalige sirkwy. Dus dêr moatte we wat op fine. Kinst natuerlik net ferwachtsje dat minsken twa literatueren fergelykje kinne en dan ek noch op kwaliteit hifkje foar de ien en foar de oar."

It Frysk Skriuwersboun wol der graach ris mei it bestjoer fan de P.C. Hooft-priis oer prate.

Willem Verf

(Advertinsje)
(Advertinsje)