Man (62) ferstoarn nei mooglike sjitpartij yn Ljouwerter wenning

19 jun 2021 - 11:17

Ien fan de twa ferwûnen fan in mooglike sjitpartij yn Ljouwert is ferstoarn. Dat hat de plysje sneontemoarn meld. It giet om in 62-jierrige man út Ljouwert.

Foto: CAMJO media

It ynsidint wie freedtejûn yn in hûs oan de Konvooistrjitte yn Ljouwert. De man en in 54-jierrige frou waarden mei ferwûningen nei it sikehûs brocht. It is net bekend hoe't it mei de frou giet.

It is ek noch net dúdlik wat der krekt bard is yn de wenning. De plysje docht sneon fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)