Omrop TIP: Wat it lûd fan de F-35 mei minsken docht

De F-35 strieljager makket folle mear leven as syn foargonger, de F-16. Wat docht dat oare fleantúchlûd mei minsken en har leefomjouwing? De FryslânDOK F-35 - wat hinget ús boppe de holle? is te sjen op 19 juny by NPO2 en op 20 juny by Omrop Fryslân.
Yn 2013 naam Nederlân it beslút om 37 Joint Strike Fighters oan te skaffen. Twa jier lyn kamen de earste nije strieljagers nei de fleanbasis yn Ljouwert. Sûnt dy JSF, of de F-35 sa't hy no neamd wurdt, yn gebrûk nommen is, nimt it oantal klachten oer lûdsoerlêst ta.
Dat de F-35 folle mear leven makket as de F-16 wurdt ek troch it ministearje fan Definsje erkend. Mar hoe lûd is lûd? En hoe ûnderfine de omwenners dat?
In tún yn Jelsum as in F-35 oerkomt © Omrop Fryslân
Mjitpunten om de fleanbasis hinne registrearje kontinu de lûdsnivo's fan de fleantugen. Guon omwenners dogge sels mjittingen by har thús om fet te krijen op de desibellen. Bliuwe de F-35's binnen de lûdsbegrinzing dy't de oerheid fêststeld hat?
Mjitpunt en in F35 © Omrop Fryslân
Desibellen sizze lykwols neat oer de persepsje fan it lûd. Mar nei it effekt fan it lûd op minsken, harren leefomjouwing en harren sûnens wurdt noch gjin ûndersyk dien. Der is dus in twadieling tusken it oerheidsbelied basearre op lûdsnivo's en de persoanlike belibbing, dy't fierder giet as allinnich de direkte omjouwing fan de fleanbasis.
Mei de lûdere F-35, en yn de takomst it oefengebiet boppe hiel Noard-Nederlân, is it nijsgjirrich te witten hoe't it lûd yn doarpen fierderop belibbe wurdt.
Tjeerd Andringa en spotters © Omrop Fryslân
Foar FryslânDOK ûndersiket programmamakker Johanna Brinkman wat it effekt is fan it strieljagerlûd op minsken. Oan it wurd komme lûdsûndersiker Tjeerd Andringa fan de Rijksuniversiteit Groningen, húsdokter Foekje Kalsbeek út Stiens en ferskate omwenners fan de fleanbasis. Omrop Fryslân hold in enkête ûnder de ynwenners fan Fryslân.
Piloat yn in F-35 © Omrop Fryslân

FryslânDOK: F-35: Wat hinget ús boppe de holle?

Sneon 19 juny, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 20 juny 13.10 oere)
Snein 20 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.