Primeur op Waad: eksperimint mei spikers op leech wetter foar seewier

It grutte seewiereksperimint by it Waadeilantsje Gryn hat in bysûnder ferfolch krigen ûnder de kust fan Texel. Oant no ta wurdt seewier út sied opkweekt op drûchfallende platen. In primeur foar it Waad is, dat dit sûnt dizze wike bart mei spruten fan Dútsk seewier op in ûndjipte dy't altiten ûnder wetter stiet.
Undersikers eksperimentearje mei spikers op leech wetter
Seewier (zeegras) wie sa goed as ferdwûn út de Waadsee nei de bou fan de Ofslútdyk. Eartiids wiene der grutte fjilden seewier yn de Waadsee. It waard brûkt as boumateriaal foar diken en foar it foljen fan kessens en matrassen. Op ferskate Waadeilannen binne noch saneamde wierskuorren te finen, dêr't it opslein waard.
In grut part fan dat seewier groeide ûnder wetter. Dat groot zeegras sette in soad enerzjy om yn it groeien fan sterke woartels om net fuort te spielen. Op drûchfallende platen lykas dy by Gryn docht dyselde plant hiel wat oars: winterdeis giet er dea. Dêrom ynvestearret de plant benammen yn it goed fersprieden fan sied, sadat in nije generaasje seewier ûntstean kin.

It helderste wetter

Katrin Rehlmeyer fan de Rijksuniversiteit Groningen hat in jier lang op syk west nei lokaasjes mei it helderste wetter fan it Waad, en de Vlakte van Kerken by Texel is der ien fan twa. Dat heldere wetter is wichtich, omdat de planten ljocht nedich hawwe om te groeien.
Oant no ta binne ûndersikers fan de Grinzer universiteit en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee der al goed yn slagge om seewier werom te krijen op drûchfallende platen. Dat barde noch net mei seewier dat altiten ûnder wetter bliuwt.
Dit eksperimint is de earste stap om dat ek foarinoar te krijen. Oft it slagget is ûnwis, ek omdat de brûkte planten by it Dútske Waadeilân Sylt weikomme, dêr't folle minder sâlt yn it wetter sit.
Der wurde sânsekken brûkt om de planten te beskermjen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Katrin Rehlmeyer
By it hjoeddeistige eksperimint wurdt in soad dien om foar te kommen dat de planten fuortspiele. Yn de natuer stiet sa'n plant noait allinnich en wurdt er yn in dynamysk gebiet mei stoarm en streaming troch oare planten beskerme. Dat is hjir net sa en dêrom simulearje de ûndersikers dat mei drompels fan sânsekken.
"Als je dat niet zou doen, dan weet je eigenlijk wel vrijwel zeker dat het te dynamisch is, omdat een heel zeegrasveld ontbreekt", seit Rehlmeyer. Fierder wurde de spruten mei izertried fêstbûn oan in izeren spiker en dy wurdt yn de boaiem fêstset. Ek wurde der 3D-woartelmatten fan ôfbrekber keunststof brûkt om foar te kommen dat it sedimint, it sân, fuortspielt.

Coronabeheiningen

Eins moatte de ûndersikers fan nul ôf begjinne. Mocht it net oanslaan, dan kinne sy it ek noch besykje mei seewier út Denemarken dat yn sâlter wetter groeit. Dêr koene sy no troch de coronabeheiningen net hinne.
Uteinlik is it doel dat de plant wer in grutte oantallen weromkomt op it Waad, mar dat is noch in lang en dreech proses. Rehlmeyer: "Dat is natuurlijk wel het doel, maar bij dit experiment specifiek gaat het vooral om kennisontwikkeling. Dit is de eerste keer dat er ondergedoken zeegras wordt geplant. En dat is een hele belangrijke stap überhaupt om kennis op te doen. Je moet het ook gewoon een keertje doen, om te zien wat er gebeurt."