Hans Wiegel sei tsjin VVD-lieder Rutte: "Ga eens wat anders doen"

Hans Wiegel begrypt net wêrom't de formaasje sa lang duorret. As it oan him leit, kin de eardere koälysje fuortset wurde. Oer de stân fan saken by syn eigen VVD is er tefreden, de premier hat syn posysje neffens him wer ferstevige.
Hans Wiegel: "Ik wilde van de VVD een volkspartij maken"
Wiegel hat in relatyf koarte politike karriêre hân, wêryn't er beskate funksjes hie. "Ik ben gewoon Kamerlid geweest, fractievoorzitter, in de oppositie, op een gegeven ogenblik minister." Wiegel kaam yn de tiid fan Den Uyl yn de polityk en fierde fûle debatten mei de PvdA'er, dêr't faak in soad minsken op ôf kamen. "Duizenden. We trokken die mensen. En als je op iemand gesteld bent, kun je hem ook heel hardhandig de waarheid zeggen."

"Ik wilde van die VVD een gewone partij maken"

De wei nei de polityk wie net perfoarst logysk. "We waren een gewoon gezin, helemaal niets met politiek", fertelt Wiegel. Yn syn tiid yn Hilversum waard er troch in freon lid fan de liberale studinteferiening. "Ik ging een keer met een vriend van me mee en toen sprak daar een mevrouw Van Someren-Downer. Die hield een fantastisch verhaal. Door haar verhaal ben ik lid van JOVD en later de VVD geworden."
It wie syn doel om de VVD as partij foar in gruttere groep oantreklik te meitsjen, om der in folkspartij fan te meitsjen. "Ik wilde van die VVD een gewone partij maken, waarop mensen zouden stemmen die daar vroeger niet over gedacht hadden om dat te doen."

Fryslân as nije thúsbasis

Wiegel ferliet op 41-jierrige leeftiid de Haachske polityk. De doetiidske kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân Hedzer Rijpstra oppere it idee by Wiegel om him op te folgjen. "En eigenlijk wilde ik dat wel."
Hans Wiegel oer syn ferbining mei Fryslân:
De ferbining mei Fryslân wie der al langer, al yn syn tiid as Keamerlid hie er in twadde hûs yn Ie. "Ik heb het leren kennen toen ik een jong Kamerlid was. Een vriend van mij woonde achter Dokkum, die heeft er ook voor gezorgd dat ik in dat huisje kon wonen. Ik houd van die mensen gewoon, ze zijn eerlijk en doen ook wat voor elkaar. Soms zijn ze eigenwijs, dat ben ik zelf ook dus dat maakt me niet uit."
By oankomst as kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje krige Wiegel gjin waarm wolkom. "Maar dat is ook iets Fries misschien. Als het iets nieuws is, is het zo van: moeten we dit wel doen? Dat is ook begrijpelijk en dat geeft ook niks." Nei't er tolve jier kommissaris fan de Keninginne west hie, fûn Wiegel it "mooi zat". Hy is yn Fryslân bleaun en hat it hjir bêst. "Ik zit hier in het zuidwesten en ik woon daar met buitengewoon veel plezier. En iedereen is heel aardig tegen me. Beter kan je het toch niet hebben?"

Formaasje fan in nij kabinet

Dat de formaasje fan it nije kabinet sa lang duorret, is Wiegel net nei it sin. "Wij waren het in twee weken tijd eens. We hadden het programma gemaakt, alle mensen waren er, en we hebben de rit uitgezeten. En dat is nu allemaal heel anders."
It âld-Keamerlid is min te sprekken oer de stân fan saken oangeande de formaasje. "Ik vind het een rotzooitje. Ze zitten daar al drie maanden lang, er zijn een heleboel problemen. Niks aan gedaan, alleen maar een beetje ruzie met elkaar, met wie wel en wie niet, met wie en waarom. Dat lijkt gewoon nergens naar. Mijn gedachte is: schiet eens op."
Hans Wiegel fynt dat de foarige koalysje trochset wurde kin:
As it oan Wiegel leit, wurdt de foarige koälysje fan VVD, D66, CDA en ChristenUnie trochset yn it nije kabinet. "Ik ben altijd een simpele figuur geweest. Als je kijkt hoeveel stemmen die partijen nu gehaald hebben, dat is een meerderheid. Als je nu wilt, en als je niet zanikt, dan zeg je: we gaan gewoon met die partijen verder."
De posysje fan Mark Rutte en de VVD wie yn it begjin fan de formaasje ferswakke, mar neffens Wiegel hat Rutte dy posysje wer ferstevigje kinnen. "Hij begon in deze laatste ronde met allerlei aanvallen van andere clubs die hem kwijt wilden. Uiteindelijk is hij erin geslaagd om zijn positie weer terug te krijgen, dat is hartstikke knap."
Hans Wiegel tsjin Rutte: "Ga eens wat anders doen"
Oft de tiid der foar Rutte nei trije kabinetten op sit, wit Wiegel net. "Dat weet je nooit. Ik heb ook wel eens tegen hem gezegd: hou er eens mee op, man. Ga eens wat anders doen." Efkes like it neffens Wiegel wol oft Rutte oer syn hâldberheidsdatum hinne wie, mar dat is no net mear sa. "Nu zie je dat niet meer. In het begin wel, maar nu niet meer. Hij is een ontzettende vechtjas."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Yn de lêste útstjoering foar de simmer siet dizze kear Hans Wiegel fan de VVD oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.