Klups en disko's meie wer iepen: "Dit hadden we niet verwacht"

19 jun 2021 - 08:22

Nederlân, en dus ek Fryslân, giet fan takom wike sneon ôf grutdiels wer iepen. Dat waard freedtejûn dúdlik by in parsekonferinsje fan it kabinet. Sels op plakken dêr't oardel meter ôfstân hâlde net kin, is aanst wer wat mooglik.

Foto: Shutterstock

Sa meie disko's en klups wer iepen, salang't alle besikers negatyf test binne of in faksinaasjebewiis sjen litte kinne. Gerrit Koning, eigener fan feestkafee en klup Shooters yn Ljouwert, wie tige ferrast doe't hy it hearde: "Wij hadden gehoopt dat onze openingstijden wat verruimd zouden worden. Dit hadden we niet verwacht!"

Wer hûnderten minsken binnen

Op dit stuit mei Koning 50 minsken tagelyk binnen ûntfange. Dy moatte dan oan in tafel sitte yn lytse groepen. Fan takom wike ôf meie minsken wer nei binnen sûnder oardel meter ôfstân te hâlden. Se moatte dan wol yn de CoronaApp in negative test of in faksinaasjebewiis sjen litte.

Koning wit noch net krekt hoe't hy it ha sil. "We kunnen de tent opdelen in twee gedeeltes. Dat we boven een dansvloer hebben met toegang voor 400 of 500 man met een toegangsbewijs, terwijl we beneden de anderhalve meter handhaven. Maar misschien doen we het ook wel anders in het weekend. Door de week houden we de situatie zoals hij nu is: dus toegang zonder bewijsje, maar met anderhalve meter afstand."

Gerrit Koning

(Advertinsje)
(Advertinsje)