Twa ferwûnen by mooglike sjitpartij yn wenning Ljouwerter Konvooistrjitte

18 jun 2021 - 22:26

Yn de Konvooistrjitte yn Ljouwert hat freedtejûn mooglik in sjitpartij west yn in wenning. Dêrby binne twa minsken ferwûne rekke, wêrfan't seker ien persoan swierferwûne.

Foto: CAMJO media

De ferwûnen binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik wat der presys bard is. Wol is dúdlik dat de plysje der fanút giet dat der gjin tredde persoan by it ynsidint belutsen is.

De plysje docht op it stuit ûndersyk yn de wenning. Dêrneist is der in buertûndersyk geande.

(Advertinsje)
(Advertinsje)