NL-Alert om brân yn papierkonteners Jelsum

18 jun 2021 - 22:21

Oan de Skierhústerwei yn Jelsum hawwe freedtejûn twa seekonteners mei papier yn 'e brân stien. Fanwegen de reekûntwikkeling is nei omwenners in NL-Alert útgien.

Foto: CAMJO media

Yn it warskôgingsberjocht waard minsken dy't lêst hiene fan de reek frege de ruten en doarren te slúten, en de fentilaasje út te dwaan.

In grut part fan it doarp en bestjoerders op de N357 hiene lêst fan de reek.

De brânwachtkorpsen fan Stiens en Ljouwert hawwe it fjoer útmakke. Mei help fan in kraan waard it papier út de konteners helle en it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
brân Jelsum papierkonteners
(Advertinsje)
(Advertinsje)