Lieuwe Westra klear foar OS

24 jul 2012 - 16:43
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is hielendal klear foar de Olympyske Spelen. De heupblessuere dy't de koereur yn de Tour de France oprûn hie, is wer hielendal better. Westra moast yn de Tour opjaan neidat er in pear dagen earder yn de rit nei Metz fallen wie.

De lêste wiken hat er yn Spanje traind en no is er al yn Londen dêr't sneon de weiwedstriid is en takom wike woansdei de tiidrit.

(advertinsje)