Coronababyboom soarget foar drokte by ferloskundigen

It is drok by de ferloskundigepraktiken yn de gemeente Ljouwert. Yn july is it begjin fan de twadde lockdown sa'n njoggen moannen lyn en dat liedt ta in wiere coronababyboom.
Drokte by ferloskundigen yn Ljouwert:
By de ferloskundigepraktyk yn Stiens is it sa drok dat it personiel net op fakânsje giet. Gewoanwei hawwe se sa'n achttjin befallingen yn 'e moanne, mar dat wurde no 29. Ek It Bertehûs yn Wergea hat twa kear safolle froulju dy't swier binne, se geane fan in trochsneed fan fyftjin nei 26 ferwachte befallingen.
"We hebben sowieso vijftig procent meer zwangeren sinds het begin van de tweede lockdown", fertelt ferloskundige Marloes Bras. Yn de simmer rint it tal noch fierder op. "Dus we gaan veel drukte hebben."

'Wat dogge we?'

Foar Rianne Koelmans kamen de lockdown en it yn ferwachting wêzen op in moai momint. "Ik soe yn oktober begjinne mei it lêste fak fan myn stúdzje, mar dat waard troch corona ferset. Dus doe seine wy tsjin inoar, wat dogge wy? De winsk foar in twadde wie der al efkes, en it is slagge."
Troch de coronakrisis is it dûbeld drok yn de praktiken: der is mei troch minder ôfstudearre ferloskundigen in grut tekoart. Yn Nederlân binne der sa'n njoggentich fakatueren.