FOTO'S: Needwaar soarget foar oerlêst yn Fryslân

18 jun 2021 - 22:01

It grutste part fan Fryslân hie freedtejûn te krijen mei needwaar. De tongerbuien en de wyn soargen op guon plakken foar oerlêst.

Foto: De Vries Media

Sa waard de N7 bij Snits ôfsletten om't in akwadukt ûnder wetter kaam te stean. Yn Boalsert moast de brânwacht yn aksje komme nei in bliksemynslach op it dak fan in hûs.

Dêrneist kamen der op ferskate plakken yn Fryslân meldingen fan stoarmskea en wetteroerlêst binnen by de brânwacht. Der binne foar safier bekend gjin ferwûnen fallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)