It Feanatelier fan Places of Hope wint Anita Andriesenpriis

18 jun 2021 - 21:29

It Feanatelier oer de takomst fan it wenjen yn Fryslân is de winner fan de Anita Andriesenpriis 2021. Dat is freed bekend makke. De Anita Andriesenpriis giet oer de romtlike kwaliteit en de winner krijt 10.000 euro. It Feanatelier makke ûnderdiel út fan Places of Hope fan Kulturele Haadstêd. Lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter is ien fan de ûntwerpers fan it atelier.

f.l.n.r: Jan van Rijen (Wetterskip Fryslân), Hanna Lára Pálsdottir (BZK), deputearre Douwe Hoogland en lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter. - Foto: Provinsje Fryslân

Der wiene fiif ynstjoeringen, wêrút wer twa nominearren kamen. De oare kandidaat wie de Boskplaat op Skylge. De sjuery hat lykwols unanym keazen foar it Feanatelier fanwege de maatskiplike ympakt en 'de stowende rol foar ûntwerp' fan it inisjatyf.

"Het overstijgende karakter en de voorbeeldfunctie van het Veenatelier geven de doorslag", seit de sjuery, dy't bestiet út stêdeboukundige Sandra van Assen, keunst- en arsjitektuerhistoarikus Ankie Boomstra, lânskipsarsjitekt Bertus de Jong, lânskipsarsjitekt Matthijs Dijkstra en arsjitekt Jelle de Jong.

Peter de Ruyter oer it winnen fan de priis

(Advertinsje)
(Advertinsje)