Ljouwerter ried wol bou nij Cambuurstadion wol stypje mei miljoeneliening

Yn de Ljouwerter gemeenteried is in grut draachflak foar it foarstel fan B en W om de bou fan it nije Cambuurstadion te stypjen mei in jildliening fan 14 miljoen euro. It is de bedoeling dat de gemeenteried op 7 july grien ljocht jout foar de liening. Dy liening komt dan yn it plak fan de al yn 2017 taseine startsubsydzje fan 4,5 miljoen.
Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Riedslid Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen fynt dat hielendal net sa'n minne deal: "Anders hadden we 4,5 miljoen gegeven als gift. Nu wordt het een lening en is er ook nog een kans dat het geld weer terugkomt. Bovendien is de stekker uit het project trekken geen aantrekkelijke optie."

'Flak foar'

De kâns om no yn ien kear te regeljen dat de bou fan it nije Cambuurstadion trochgean kin, is in argumint dat foar in soad partijen swier waacht. FNP-fraksjefoarsitter Jan Willem Tuininga is om dy reden 'flak foar' it foarstel om 14 miljoen euro út te lienen.

"Der moat gong yn komme. De minsken en de supporters wachtsje al sa lang op it nije stadion. Se moatte gau los; de peallen moatte de grûn yn!", seit Tuininga.

'Akseptabel'

De diskusje yn de gemeenteried sil foaral gean oer it risikoprofyl fan de liening. Is dat risikoprofyl yndie 'akseptabel', sa't B en W skriuwe, of rint de gemeente mooglik dochs kâns dat net de folsleine liening werombetelle wurde kin?
De fraksje fan GrienLinks fynt it posityf dat de gemeente net allinnich noed stiet foar it risiko. Projektûntwikkelder Van Wijnen nimt in diel fan it risiko foar syn rekken en Cambuur moat ek sels finansjele bydrage leverje fan 5 miljoen.
Evert Stellingwerf fynt it in goeie saak dat it risiko mei ferskate partijen dield wurdt: "Us grûnhâlding is posityf. It ferdielen fan it risiko tusken merk en mienskip fyn ik in goeie saak. Ik fyn it ek moai dat ek ROC Friese Poort noch hieltyd meidocht."

Krityk

De ChristenUnie is kritysk oer de gong fan saken. mar sil nei alle gedachten wol foar stimme, fanwege de grutte belangen foar Cambuur en ek foar hierder ROC De Friese Poort. Harry Bevers fan de VVD omskriuwt it foarstel om jild te liening foar de bou fan it stadion 'bespreekbaar'. "Wij hebben uiteraard nog wel een aantal vragen, onder meer over de rol van het WTC, maar er valt met ons zeker over dit voorstel te praten."
De VVD fynt jild útliene yn prinsipe ek better as it eardere plan om subsydzje te jaan. Bevers fynt wol dat it kolleezje de ried bot foar it blok set troch flak foar de simmerfakânsje mei dit foarstel te kommen. "De timing is ongelukkig. Daar zijn ook al een aantal woorden over gewisseld."
Hat de positive reaksje fan de partijen ek wat te meitsjen mei de riedsferkiezingen fan takom jier? Bevers: "Iedereen in de gemeenteraad is zich bewust in welke periode we nu zitten. Ga daar maar van uit."