Earetitels foar Fryske kuorballers: topskoarder, grutste talint en moaiste goal

18 jun 2021 - 20:01

Trije Fryske kuorballers hawwe in earetitel fertsjinne yn de Kuorbal League. Ran Faber fan LDODK is keazen ta talint fan it seizoen, Erwin Zwart (LDODK) waard topskoarder en Amber van Doorn út De Harkema, dy't har debút makke by DOS'46 út Nijeveen, skoarde de moaiste goal fan it jier yn de kategory froulju.

Ran Faber fan LDODK - Foto: Orange Pictures

Ran Faber (19) is útroppen ta bêste spiler ûnder 21 jier fan de Kuorbal League seizoen 20/21. Hy waard keazen troch spilers, coaches en skiedsrjochters út de League.

Faber wennet yn Jobbegea en spilet al syn hiele libben by LDODK. Dit seizoen stie de spiler fan Oranje ûnder 21 foar it earst yn de basis by de ploech út Terwispel en De Gordyk. Ran Faber makke yndruk yn de League en draaide in sterk seizoen. Hy wie mei 38 goals de produktyfste LDODK'er efter Erwin Zwart.

Foto: Orange Pictures

Erwin Zwart is topskoarer wurden fan de Kuorbal League. De oanfierder fan LDODK makke 56 goals. De ynkoarte reguliere kompetysje gie oer 10 wedstriden. Zwart dielt dizze titel mei ynternasjonal Mick Snel fan TOP Sassenheim, dy't ek ta 56 treffers kaam.

Andrë Zwart, de âldere broer fan Erwin, waard yn 2016 ek al in kear topskoarer fan de Kuorbal League.

Fraaiste doelpunt

De moaiste goal fan it seizoen by de froulju is op namme kaam fan Amber van Doorn. De kuorbalster út De Harkema makke dit seizoen de oerstap fan de junioaren fan HAVIK (út Kollum en Harkema) nei DOS'46 út Nijeveen. Har earste goal yn de Kuorbal League waard úteinlik mei mear as 60 prosint fan de stimmen fan it publyk keazen ta moaiste goal fan it jier.

Besjoch it doelpunt wêr't it om giet hjir.

Trefwurden: 
Kuorbal League Ran Faber
(Advertinsje)
(Advertinsje)