Fryslân fan 26 juny ôf hast folslein wer fan it slot

18 jun 2021 - 19:51

De measte maatregels om it de fersprieding fan it coronafirus yn Nederlân tsjin te gean, wurde fan 26 juny ôf opheft. Dat hat it kabinet freedtejûn op in parsekonferinsje bekend makke.

Foto: ANP Foto

Fan 26 juny ôf meie alle doarren iepen, wêrby't oardel meter ôfstân de noarm bliuwt. Wêr't dat net kin, lykas yn it iepenbier ferfier, it fuortset ûnderwiis of by eveneminten en festivals, jildt de mûlkapkesplicht of kinne je allinnich nei binnen mei in coronatagongsbewiis.

De belangrykste nije ferrommingen op in rychje:

- Beheiningen thúsbesite en groepsfoarming ferfalle

- Mûlkapkesplicht allinnich noch op plakken wêr't oardel meter net kin, lykas it iepenbier ferfier

- Thúswurkers meie wer foar maksimaal de helte fan de tiid nei kantoar

- Alle lokaasjes en eveneminten meie iepen op oardel meter, mei betingsten

- Lokaasjes en eveneminten meie mei coronatagongsbewiis sûnder oardel meter

- Amateurwedstriden binne wer foar elkenien tastien, mei publyk

- It ferbod om alkohol te keapjen nei 22.00 oere ferfalt

Healwei augustus besjocht it kabinet op hokker wize en wannear't de lêste stap fan it iepeningsplan set wurde kin. Dit giet dan om it folslein loslitten fan de oardel meter en de oare basisregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)