Boek útbrocht oer keunstner Jentsje Popma

18 jun 2021 - 19:25

Oer keunstner Jentsje Popma is it boek Jentsje Popma, kunstenaar met een missie ferskynd. Yn it boek wurdt yngongen op syn libbensrin en syn wurk. De keunstner wurdt yn septimber hûndert jier.

Foto: Uitgeverij Noordboek

De keunstner is ûnder oare bekend fan kleurrike skilderijen mei dêryn faak ek Fryske tafrielen: Fryske lânskippen, diken of it Waad. Hy die lykwols mear as skilderje. Neffens de skriuwers fan it boek Erik Betten, Susan van den Berg en Jan Henk Hamoen, hat Popma him yn de rin fan syn libben ta in alsidich keunstner ûntwikkele: hy makke njonken skilderijen ek tekeningen, bylden en glêswurk.

Yn it boek geane de trije skriuwers yn op ferskate aspekten fan it libben en it wurk fan de keunstner yn. De ferhalen binne fan yllustraasjes fan syn wurk en foto's út it famylje-argyf foarsjoen. Jentsje Popma hopet 30 septimber fan dit jier syn hûndertste jierdei te fieren.

Trefwurden: 
boek Jentsje Popma keunstner
(Advertinsje)
(Advertinsje)