KNMI kundiget koade oranje ôf foar Fryslân fanwege swiere tongerbuien

18 jun 2021 - 18:39

Der komme freedtejûn swiere tongerbuien oan en dêrom hat it KNMI foar de provinsje Fryslân en acht oare provinsjes koade oranje ôfkundige.

Foto: Albert Thibaudier

By de buien kinne ek wynstjitten oant 75 kilometer per oere foarkomme. Ek is der lokaal kâns op hagelstiennen fan 2 oant 4 sintimeter. Koade oranje is yn ús provinsje yn elts gefal oant 21.00 oere fan krêft.

Trefwurden: 
KNMI tongerbuien koade Oranje
(Advertinsje)
(Advertinsje)